Springe nei ynhâld

Beuron

Ut Wikipedy
Beuron
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Baden-Wuertemberch
lânkring Sigmaringen
Sifers
Ynwennertal 663 (2023)
Oerflak 35,1 km²
Befolkingsticht. 19 ynw./km²
Hichte 625 m.
Oar
Postkoade 88631
Koördinaten 48°3' N 8°58' E
Offisjele webside
beuron.de
Kaart
Beuron (Baden-Wuertemberch)
Beuron

Beuron is in plak en gemeente yn 'e lânkring Sigmaringen yn 'e Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. Beuron hat 663 ynwenners (2023).

Histoarysk wie it gebiet ûnderdiel fan it foarstedom Hohenzollern-Sigmaringen, dat yn 'e 19e iuw yn Prusen opgie.

Beuron is in lytse gemeente. Njonken Beuron bestiet de gemeente ek út Hausen im Tal en Thiergarten.

De Donau by Beuron.

Beuron leit yn 'e delling fan 'e Donau yn in natuergebiet dat bekend stiet as it 'Naturpark Obere Donau'. It leit yn it súdlike diel fan 'e dielsteat, net hiel fier fan 'e Switserske grins. De omkriten binne tige lannelik mei kalkrotsen en ferskillende etappes fan it Jakobuspaad (Camino de Santiago).

Religieuze betsjutting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Beuron is it sintrum fan 'e Beuroner kongregaasje, in oantal Benediktynske kleasters dy't yn 'e 19e iuw fanút Beuron stifte binne. De aartsabdij fan Beuron dominearret it plak en is in religieus en kultureel sintrum mei in eigen keunststreaming (de Beuroner keunstskoalle) en in ferneamde bibleteek.

Likernôch 6 km eastlik fan Beuron stiet yn Leibertingen it kastiel Wildenstein. Yn 'e stêd Sigmaringen stiet it tige ferneamde kastiel Sigmaringen, ek bekend as it Hohenzollernslot.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Beuron fan Wikimedia Commons.