Holotype

In holotype (fan it Latynske holotypus) is in fysyk spesimen (of in yllustraasje) fan in organisme, dat brûkt wurdt as de basis foar de formele wittenskiplike beskriuwing fan in soarte (of fan in oar leger takson, lykas in ûndersoarte). It is òf it iennichste fysike spesimen (of de iennichste yllustraasje) òf ien fan ferskaten mar dan eksplisyt as it holotype oanwiisd.
Under de Ynternasjonale Koade fan Soölogyske Nomenklatuer (ICZN) is in holotype ien fan ferskillende soarten types spesimina. As it holotype ferlern gien is, kin it bgl. as basis foar de soartebeskriuwing ferfongen wurde troch in lektotype of neotype.
Yn 'e Ynternasjonale Koade fan Nomenklatuer foar algen, skimmels en planten (ICN) binne de definysjes fan 'e ûnderskate typen op deselde manear staljûn, mar net identyk. Yn 'e botany (plantkunde) en de mykology (skimmelkunde) is bgl. in isotype in duplikaat fan in holotype, oer it algemien besteande út dielen fan deselde yndividuele plant of itselde genetyske yndividu.
In holotype hoecht net needsaaklikerwize "typysk" te wêzen foar it oangeande takson, hoewol't dat ideäliter wol it gefal is. Mar sels as letter in better (want represintativer) spesimen fûn wurdt, kin it holotype net ferfongen wurde. Soms kin in holotype ek mar in fragmint fan in yndividueel organisme wêze, benammen yn 'e paleöntology, as it giet om fossilen, dy't ornaris by stikjes en brokjes oantroffen wurde.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|