Springe nei ynhâld

Homonym

Ut Wikipedy

Wurden binne homonimen as se itselde útsprutsen en skreaun wurde, mar in ferskillende betsjutting hawwe.

In foarbyld fan in homonym wurdpear is hurd: ‘Dy auto rydt te hurd’ en ‘de iepen hurd baarnt mar bêst.’ By dit pear is der ferskil yn wurdsoarte, en dan falt al gau op dat it om twa ferskillende wurden giet.

In oar foarbyld is wyn. ‘In lekker wyntsje’ kin gean om wyn as drank, mar kin ek de beweging, streaming fan loft betsjutte. [1] By ‘wyn’ is suver alles itselde: de skriuwwize, de útspraak, de wurdsoarte, it meartal en it ferlytsingswurd. Yn sa'n gefal moat der wat mear omtekst by om it te begripen: ‘sile mei in lekker wyntsje yn it seil en in lekker wyntsje yn it glês.’

Homonimen wurde gauris brûkt yn kryptyske omskriuwings. [2]

Foarbylden fan homonimen:

  • bank – sitmeubel - finansjele ynstelling.
  • kop – holle fan in bist - drinkbeker.
  • lêst – fracht - net earst - hinder
  • stik – diel - artikel - toanielopfiering.
  • feart – gong - sleat
  • ljocht – net tsjuster - net swier[3]

Der is ek in spesjalistysk gebrûk fan de term homonym binnen de biology, spesifyk taksonomy. Dêr wurdt de term homonym brûkt foar ien namme dy't ferwiist nei twa ferskillende taksa. Om dizze situaasje op te lossen, wurdt normaal in beslút nommen om ien fan 'e twa taksa te neamen en de oare takson te werneamen. It takson dêr't de namme fan beskôge wurdt as in "senior homonym", dat wol sizze, it takson dat earst mei de oanbelangjende namme ferwiisd wurdt, mei yn 't algemien syn namme behâlde; Der moat dan lykwols in nije namme fûn wurde foar it takson wêrfan de nammejouwing beskôge wurdt as in "junior homonym".

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. In lekker wyntsje, It Nijs, 18 july 2013
  2. In lekker wyntsje, Taalbaas.nl, july 2013
  3. Lucht, licht, loft, ljocht, Jan Breimer, 23 july 2024