Megafauna

Megafauna (fan it Grykske μέγας, megas, dat "grut" betsjut, en it Latynske fauna, "bisten") is yn 'e soölogy in oantsjutting foar bisten dy't tige grut binne, of alteast grutter as de measte nau besibbe soarten. De krekte definysje fan 'e term fariëarret frijwat. Faak wurdt as ûndergrins in gewicht fan likernôch 45 kg oanholden, mar it komt ek foar dat de ûndergrins by 10 kg of by 1.000 kg lein wurdt. Hoewol't it wurd 'megafauna' like tapaslik is foar hjoeddeistige grutte bisten, wurdt it faak brûkt foar de útstoarne grutte bisten fan it Pleistoseen, dy't yn Jeraazje en de Nije Wrâld oan 'e ein fan 'e lêste iistiid ferdwûnen by de Let-Pleistosene massa-ekstinksje.
Eigenskippen en ynfloed
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Grut wêzen is yn 'e soölogy oer it algemien ferbûn oan oare eigenskippen, dy't sawol negatyf as posityf wêze kinne. Grutte bisten plantsje har faak hiel stadich fuort, wat harren kwetsber meitsje kin foar grutte en relatyf hommelse feroarings yn harren ferspriedingsgebiet, lykas klimaatferoaring. Oan 'e oare kant is de kâns dat grutte bisten deade wurde sille troch rôfdieren faak folle lytser (of sels ferwaarleasber) as by lytsere bisten.
Megafauna hat in oansjenlike ynfloed op it gebiet dêr't it libbet. Men kin dan tinke oan it tsjingean fan 'e groei fan houtige planten yn iepen lânskippen en it dêrútfolgjend minder faak foarkommen fan natoerbrannen. Megafauna spilet ek in rol by it regulearjen en stabilisearjen fan 'e populaasjes fan lytsere bisten yn harren wengebiet.
Hjoeddeistige foarbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hjoeddeistige foarbylden fan megafauna binne:
- walfisken lykas de blauwe finfisk (Balaenoptera musculus), de grize walfisk (Eschrichtius robustus), de bultrêch (Megaptera novaeangliae), de potfisk (Physeter macrocephalus) en de grjint (Globicephala melas);
- slurfdieren lykas de savanne-oaljefant (Loxodonta africana), de boskoaljefant (Loxodonta cyclotis) en de Aziatyske oaljefant (Elephas maximus);
- ûnevenhoevigen lykas de wite noashoarn (Ceratotherium simum), de swarte noashoarn (Diceros bicornis), de steppesebra (Equus quagga), de onager (Equus hemionus), de Yndyske tapir (Tapirus indicus) en de leechlântapir (Tapirus terrestris);
- evenhoevigen lykas it nylhoars (Hippopotamus amphibius), de Amerikaanske bizon (Bison bison), de Kaapske buffel (Syncerus caffer), de gaur (Bos gaurus), de muskusokse (Ovibos moschatus), de elandantilope (Tragelaphus oryx), de súdlike sjiraffe (Giraffa giraffa), de Masaïsjiraffe (Giraffa tippelskirchi), it Baktrysk kamiel (Camelus bactrianus), de dromedaris (Camelus dromedarius), de lama (Lama glama), it reahart (Cervus elaphus), de wapity (Cervus canadensis), de deim (Dama dama), de eland (Alces alces) en it rindier (Rangifer tarandus);
- rôfdieren lykas de iisbear (Ursus maritimus), de brune bear (Ursus arctos), de Amerikaanske swarte bear (Ursus americanus), de reuzepanda (Ailuropoda melanoleuca), de liuw (Panthera leo), de tiger (Panthera tigris), it loaihoars (Panthera pardus), de jagûar (Panthera onca), it snieloaihoars (Panthera uncia), it jachtloaihoars (Acinonyx jubatus), de poema (Puma concolor), de Jeraziatyske lynks (Lynx lynx), de reade lynks (Lynx rufus), de Kanadeeske lynks (Lynx canadensis), de karakal (Caracal caracal), de wolf (Canis lupus), de prêrjewolf (Canis latrans), de goudjakhals (Canis aureus), de bûnte hyena (Crocuta crocuta), de warch (Gulo gulo), de walrus (Odobenus rosmarus), de súdlike see-oaljefant (Mirounga leonina) en it seeloaihoars (Hydrurga leptonyx);
- toskearmen lykas de reuze-eameliter (Myrmecophaga tridactyla);
- fûgels lykas de gewoane strúsfûgel (Struthio camelus), de Somalyske strúsfûgel (Struthio molybdophanes), de emoe (Dromaius novaehollandiae) en de nandoe (Rhea americana);
- reptilen lykas de Nylkrokkedil (Crocodylus niloticus), de seekrokkedil (Crocodylus porosus), de Mississippy-alligator (Alligator mississippiensis), de gaviaal (Gavialis gangeticus), de griene anakonda (Eunectes murinus), de Komodofaraan (Varanus komodoensis) en de learskyldpod (Dermochelys coriacea);
- amfibyen lykas de Sineeske reuzesalamander (Andrias davidianus).
- fisken lykas de walfiskhaai (Rhincodon typus), de reuzehaai (Cetorhinus maximus), de wite haai (Carcharodon carcharias), de tigerhaai (Galeocerdo cuvier), de reuzemanta (Mobula birostris), de rifmanta (Mobula alfredi), de reuzemoannefisk (Mola alexandrini), de gewoane moannefisk (Mola mola) en de belûgasteur (Huso huso).
Foarbylden fan resint útstoarne megafauna binne: de Sudereilânske reuzemoä (Dinornis robustus) tsjin 1445, Haasts earn (Hieraaetus moorei) omtrint 1450, Stellers seeko (Hydrodamalis gigas) yn 1768 en de Tasmaanske bûdelwolf (Thylacinus cynocephalus) yn 1936.

Pleistosene megafauna
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it Pleistoseen (2,6 miljoen oant 11.700 jier lyn) libbe der noch gâns megafauna ferspraat oer de hiele wrâld. Alle wrâlddielen (útsein Antarktika) hiene doe in gelikens of grutter bioferskaat as Afrika hjoed de dei hat. Bekende foarbylden fan megafauna út dy tiid binne: de wolhierrige mammoet (Mammuthus primigenius), de Amerikaanske mammoet (Mammuthus columbi), de Amerikaanske mastodont (Mammut americanum), de wolhierrige noashoarn (Coelodonta antiquitatis), it westlik kamiel (Camelops hesternus), it westlik hynder (Equus occidentalis), it Meksikaansk hynder (Equus conversidens), de Kalifornyske tapir (Tapirus californicus), de harteland (Cervalces scotti), it reuzehart (Megaloceros giganteus), de Amerikaanske oerbizon (Bison antiquus), de steppebizon (Bison priscus), de reuzegrûnloaiert of Jeffersons grûnloaiert (Megalonyx jeffersonii), Harlans grûnloaiert (Paramylodon harlani), de reuzekoartsnútkangoeroe (Procoptodon goliah), de hoalebear (Ursus spelaeus), de hoaleliuw (Panthera spelaea), de Amerikaanske liuw (Panthera atrox), de bûdelliuw (Thylacoleo carnifex), it trumanjachtloaihoars (Miracinonyx trumani) en de reuzewolf (Aenocyon dirus).
Yn it Let-Pleistoseen, benammen yn it tiidrek fan 50.000 jier lyn ôf, stoaren de measte grutte bisten út by de Let-Pleistosene massa-ekstinksje. Dêrûnder wie 80% fan alle bisten mei in gewicht fan boppe de 1.000 kg. De measte lytsere bisten ûnderfûnen lykwols gjin swierrichheden. Sa'n op lichemsgrutte basearre massa-ekstinksje is fierders noch nea foarkommen yn 'e skiednis fan 'e wrâld. Minsklik hanneljen (spesifyk: oerbejaging) en klimaatferoaring wurde troch de measte saakkundigen oanwiisd as de wierskynlikste oarsaken, hoewol't de wichtigens dy't oan elts fan dy beide faktoaren takend wurdt yn hege mjitte kontroversjeel is.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|