Springe nei ynhâld

Mindoro

Ut Wikipedy
Mindoro
geografy
ûnderdiel fan Luzon
lân Filipinen
koördinaten 12°57' N 121°04' E
algemien
haadstêd Calapan en Mamburao
ynwennertal 1,4 miljoen (2020)
sifers
oerflak 9.735 km²
Noard Mindoro
Noard Mindoro

Mindoro is it sânde grutste eilân fan 'e Filipinen. It leit súdwestlik fan Luzon en eastlik fan Palawan. It eilân is bestjoerlik ferdield yn 'e twa provinsjes Oriental Mindoro (Eastlik Mindoro) en Occidental Mindoro (Westlik Mindoro). Neffens in rûge rûzing fan 2020 wenje der op it eilân 1,4 miljoen ynwenners.

De Mangyan foarmje de oarspronklike bewenners fan it eilân.

Foar de kolonialisaasje wie Mindoro al bewenne troch etnyske groepen lykas de Mangyan, de oarspronklike ynwenners fan it eilân. Yn 'e Spaanske tiid (1565–1898) krige it eilân de namme Mindoro, dat nei alle gedachten fan "Mina de Oro" ("gouden myn") komt, itjinge tsjûget fan de idee dat it eilân ryk oan goud wie. Der komt goud foar op Mindoro, benammen yn it sintrale en súdlike diel fan it eilân en op lytse skaal is der goudwinning, mar der is net in soad bewiis dat Mindoro yn 'e pre-koloniale of koloniale tiid grutte goudfoarrieden hie, lykas bygelyks wol op Luzon (benammen Benguet). De namme kin dus ek symboalysk bedoeld wêze of in ferwachting betsjutten ha.

Nei de Spaansk-Amerikaanske oarloch waard Mindoro, lykas de rest fan de Filipinen, ûnder Amerikaanske kontrôle brocht. De Filipinen gyngen fan Spaansk nei Amerikaansk koloniaal bewâld. In soad Filipino's fielden har ferret troch de Feriene Steaten, dy't harren ûnôfhinklikens net erkenden. Dat late ta de Filipynsk-Amerikaanske oarloch (1899–1902), in bloedich konflikt tusken de nije Amerikaanske autoriteiten en de Filipynske republikeinen. Yn 'e Amerkaanske tiid ûntstie mear ynfrastruktuer en ûnderwiis. De Amerikaanske tiid duorre fan 1898 oant 1946.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich spile it eilân in strategyske rol yn 'e striid tusken de Alliearden en de Japanners. Mei de Mindoro Landing yn 1944 sette de befrijing fan 'e Filipinen troch de Amerikanen útein. It doel wie om fanút Mindoro op 'e Japanners te feroverjen en dan fierder Luzon oermasterjen. It US Sixth Army fierde de operaasje út ûnder generaal Walter Krueger. Der wiene likernôch 11.000 Amerikanen by belutsen, wylst de Japanners likernôch 1000 oant 2000 man op it eilân hiene. Der wie in aktive Filipynske fersetbeweging op Mindoro. De guerrilla’s, dy't faak gearwurken mei de Amerikanen, spilen in grutte rol yn ynformaasjeferwurking en sabotearjen.

Yn 1946 waard Mindoro ûnderdiel fan 'e ûnôfhinklike Filipinen en ûntwikkele it eilân him fierder ekonomysk en demografysk.

Iraya Mangyan Community Village.

De measte bewenners fan it eilân hearre ta de etnyske groepen Tagalog en Bisaya. De oarspronklike ynwenners binne de Mangyan, in groep fan ferskillende Austronezyske stammen. Se wenje benammen yn 'e bergen en hawwe in eigen kultuer.

De mearderheid fan 'e befolking is roomsk-katolyk, al binne der ek protestantske groepen en fral troch migraasje islamityske mienskippen. De Mangyan hawwe in tradisjonele leauwen mei natuergeasten en de fearing fan foarâlden.

Wichtichste plakken neffens ynwennertal en/of ekonomyske wearde

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Calapan City – Haadstêd fan Oriental Mindoro; in havenstêd mei sterke ekonomyske groei.
  • San Jose – Grutste stêd yn Occidental Mindoro; sintrum fan lânbou en fiskerij.
  • Pinamalayan – Twadde grutste yn Oriental Mindoro; agrarysk sintrum.
  • Mamburao – Haadstêd fan Occidental Mindoro.
  • Roxas – Havenplak yn it easten fan Mindoro.
  • Naujan – Bekend fan it Naujan Lake National Park.
  • Sablayan – Grut gebiet mei toeristyske mooglikheden (tichteby Apo Reef).
  • Bongabong – Lânbougebiet yn East-Mindoro.
  • Puerto Galera – In toeristyske bestimming bekend fan syn stranden en dûkplakken.
  • Bansud – Agraryske gemeente.
Mindorobuffel.

Mindoro wie eartiids oerdutsen mei tichte reinwâlden en tropyske greiden. Grutte dielen fan 'e reinwâlden binne troch ûntbosking, lânbou en oare minsklike aktiviteiten ferneatige. Dêrfandinne is it measte bosk swier degradeare. Op it eilân libje ferskillende endemyske bistesoarten lykas de Mindorobuffel (Bubalus mindorensis), in tige seldsume dwerchbuffel, en de Mindorodolkstekdo (Gallicolumba platenae). Ek hat it eilân endemyske reptilen, ynsekten en planten. Fan 'e Mindorobuffel binne der noch mar likernôch 500 bisten oer en de Mindorodolkstekfûgel stiet op 'e râne fan útstjerren of is al útstoarn. Beskerme gebieten binne it It Naujan Lake National Park en it Mount Iglit-Baco National Park.

De lânbou foarmet de wichtichste sektor. Der wurde rys, mais, bananen, mango’s, kokosnoten en abaka produsearre. San Jose en Pinamalayan binne sintra fan agraryske produksje.

Fierder is der fiskerij oan 'e kust yn plakken lykas Puerto Galera, San Jose en Calapan. Ek op binnenwetter wurdt fiske.

Op it eilân wurdt goud, nikkel en oare mineralen wûn. De mynaktiviteiten binne lykwols kontroversjeel fanwegen de gefolgen foar it miljoeu.

Der is toerisme en Puerto Galera is in populêr plak foar dûkers. Apo Reef is ien fan 'e grutste koraalriffen fan 'e wrâld.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Mindoro fan Wikimedia Commons.