Springe nei ynhâld

Pius XII

Ut Wikipedy
Pius XII
   kristlik lieder
Paus Pius XII
Paus Pius XII
amt en titulatuer
tsjerke Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom bisdom Rome
sit Hillige Sit
amtsperioade 1939-1958
foargonger Pius XI
opfolger Jehannes XXIII
wapen Wapen fan Pius XII
wurkpaad
preesterwijing 2 april 1899
biskopswijing 13 maaie 1917
kardinaal 16 desimber 1929
persoanlike bysûnderheden
bertenamme Eugenio Maria Giuseppe Giovanni Pacelli
nasjonaliteit Italjaansk
bertedatum 25 novimber 1881
berteplak Rome
stjerdatum 9 oktober 1958
stjerplak Castel Gandolfo

Paus Pius XII, bêrne as Eugenio Maria Giuseppe Giovanni Pacelli (Rome, 25 novimber 1881 - Castel Gandolfo, 9 oktober 1958) wie de 260ste paus fan de Roomsk-Katolike Tsjerke, hy stie as paus oan it haad fan de Roomsk-Katolike Tsjerke wilens de Twadde Wrâldkriich.

Eugenio wie de twadde soan en it tredde bern fan Filippo Pacelli abbekaat fan it Fatikaan. Nei de middelbere skoalle gie Eugenio nei de seminary Collegio Capranica, it âldste seminary fan Rome. Fanwegen syn minne sûnens waard him troch paus Leo XIII dispensaasje jûn om de preesterstúdzjes net yn it seminary, mar fanút it âlderlik hûs te ferfolgjen. Op peaskesnein 2 april 1899 waard Eugenio Pacelli ta preester wijd troch helpbiskop Cassetta fan Rome.

Yn'e Earste Wrâldkriich wie Pacelli belutsen by de helpkampanje dy't de paus opset hie om famyljes te ynformearjen oer it lot fan harren yn 'e striid lutsen famyljeleden. Yn gearwurking mei it Reade Krús waarden persoanen opspoard en as it mooglik wie ek repatriearre.

Op 12 april 1917 ferstoar de nuntius fan Dútslân, aartsbiskop Giuseppe Aversa, dy't de nuntiatuer mar fjouwer moanne ferfolle hie. Op foardracht fan Pietro Gasparri waard Pacelli foardroegen as syn opfolger. De beneaming folge op 20 april 1917, wêrby't er ek oansteld waard ta titulêr aartsbiskop fan Sardes. Op 13 maaie 1917 waard Pacelli troch paus Benediktus XV sels wijd, nei syn wijing gie Pacelli op 18 maaie nei München. In wichtich haadpunt fan Pacelli’s missy wie it foarlizzen fan de fredesfoarstellen fan paus Benediktus XV om sadwaande in ein te meitsjen oan de Earste Wrâldkriich. Nei in koart ferbliuw yn Rome yn maart 1918 kaam Pacelli werom nei München mei de opdracht fan kardinaal Gasparri om it fredesplan fansiden te skowen en him ynsette te sillen foar de slachtoffers fan de kriich.

De dêropfolgjende moannen wie Pacelli tsjûge fan de rap feroarjende politike situaasje yn Dútslân. Anargistyske groepearringen, stipe troch de kommunisten, kamen yn opstân tsjin de fêstige oarder en tsjin it keizerlik gesach. Dy ynterne ferdieldheid droech by ta it beëinigjen fan de Earste Wrâldkriich en it omsmiten fan de Dútske monargy.

De grime fan 'e anargisten rjochte him ek op 'e pauslike nuntius, dy't sjoen waard as in bûtenlânske spion. Ferskate oanslaggen op de nuntiatuer waarden útfierd en by in ynbraak yn de nuntiatuer waard Pacelli sels bleatsteld oan bedriging. Protesten fan syn kant tsjin de kommunistyske riederepublyk waarden beäntwurde mei it advys om sa rap as mooglik de stêd te ferlitten. Beslúten waard om it nuntiatuer nei Berlyn te ferpleatsen. Op 18 augustus 1925 ferhuze Pacelli nei Berlyn. Neist syn diplomatike wurksumheden hold Pacelli him yn syn trettjinjierrich ferbliuw yn Dútslân ek dwaande mei pastoraal wurk. Sa besocht er de ferskate Dútske dielsteaten om him te ferjitten fan de situaasje, wêrby't er each yn each kaam te stean mei de hearskjende earmoede yn grutte parten fan it lân. Hoewol't er net sympatisearre mei de ideeën fan Hitler, wie er him der wol fan bewust dat de wurden fan de nije lieder hoopfol klonken.

Om it belang fan de Tsjerke te ûnderstreekjen naam Pacelli ek diel oan ferskate gearkomsten dy't organisearre waarden troch katolike organisaasjes. As fertsjintwurdiger út namme fan de paus wie er oanwêzich by represintative foarfallen, ûnder oare de begraffenis fan de Dútske rykspresidint Friedrich Ebert yn 1925. Op 10 desimber 1929 waard Pacelli weromroppen nei it Fatikaan om dêr ta kardinaal kreëarre te wurden.

Op 16 desimber 1929 waard Eugenio Pacelli troch paus Pius XI ferheven ta kardinaal-pryster. Syn eigen oanstelling oant steatssekretaris fan it Fatikaan op 9 febrewaris 1930 folge op it ôftreden fan kardinaal Gasparri op 7 febrewaris. Dêr't er jierrenlang assistint west hie fan Gasparri kaam syn beneaming net ûnferwachts. Troch dy oanstelling waard Pacelli de twadde man yn it Fatikaan, belêstige mei it ûnderhâlden fan diplomatike relaasjes.

It konklaaf, folgjend op de dea fan paus Pius XI op 10 febrewaris 1939, begûn op 1 maart 1939. Op 2 maart, Pacelli’s jierdei, behelle er yn de twadde stimronde de nedige mearderheid oan stimmen. Dochs stie er derop dat in tredde stimronde hâlden waard. Pacelli wie de earste kardinaal-steatssekretaris dy't ta paus keazen waard sûnt Giulio Rospigliosi yn 1667, de earste Romein sûnt Emilio Bonaventura Altieri yn 1670 en de earste kuerykardinaal sûnt Bartolomeo Alberto Cappellari yn 1831. Ta neitins oan alle pausen mei de namme Pius dy't er sels meimakke hie, mar yn it bysûnder as spesjaal earbetoan oan syn foargonger, naam Pacelli de namme Pius oan.

Twadde Wrâldkriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pius XII waard by it begjin fan syn pontifikaat konfrontearre mei de driigjende kriich. Goed in moanne nei it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich makke Pius XII syn earste ensyklyk út: "Summi Pontificatus". Yn dizze ensyklink beskreau de paus de ienheid fan it minskdom, sûnder ûnderskied fan kultuer of komôf. Ek naam er stelling tsjin de totalitêre steat, dy't allinnich mar ta gaos liede soe. Yn syn ensyklyk liet Pius XII lykwols nei de misstannen by namme te neamen, eat wat him nei de kriich as ien fan de kritykpunten oanrekkene waard. Dêrtroch waarden benammen yn de kriich in grut part fan Pius XII syn wurden allinne ynterpretearre as soe er him net lûdop útsprutsen hawwe tsjin de Joadeferfolgingen en oare misstannen ûnder it faksistysk bewâld. Al liet er him fuortendaliks út oer it lot fan de Poalske befolking en spruts er de hoop út dat frede gau yn it lân folgje soe.

De belutsenens fan Itaalje by de kriich wie Pius XII syn oare soarch. Hoewol't it lân noch net aktyf dielnaam, wie it dúdlik dat Benito Mussolini der alles oan lein wie om syn bûnsmaat Hitler by te stean, en ek de belangen fan Itaalje te fergrutsjen.

De earmslach fan de paus om al te iepenlike útspraken te dwaan wie beheind om't Mussolini in trouwe bûnsmaat wie fan Hitler. In tillegram oan keninginne Wilhelmina fan Nederlân, de Belgyske kening Leopold III en de Lúksemboarchske gruthertogin Charlotte by de Dútske ynvaazje yn 1940 late ta poerrazende reaksjes fan Mussolini.

Ein jannewaris 1942 kaam by it Fatikaan it fersyk binnen dat Japan in spesjale ôfgesant nei de Hillige Sit stjoere woe foar de ferbettering fan de ûnderlinge relaasjes. Dy taneiering folge op de oanfal fan Japan op Pearl Harbor, wêrtroch't ek Amearika belutsen waard by de Twadde Wrâldkriich. Pius XII stimde ta yn it oangean fan betrekkingen, op 9 maaie waard de Japanske ôffurdige troch Pius XII ûntfongen op in wize dy't by de Amerikanen ferkeard foel.

Hitlers stânpunt oangeande de rol fan de Katolike Tsjerke wie dúdlik: salang't de tsjerke him net ynlitte soe mei ierdske saken, soe er der fan ôfsjen yn te gripen yn saken oangeande it leauwen. Nei de ôfsetting fan Mussolini yn 1943 troch de Italjaanske kening wie Hitler derfan oertsjûge dat it Fatikaan hjiryn sizzenskip hân hie. Nei de ynname fan Rome moast dan ek de besetting fan it Fatikaan folgje, de paus soe op lêst fan Dútslân finzen nommen wurde en nei Dútslân oerbrocht wurde, ûnder it mom dat it Hitler der alles oan lein wie de posysje fan'e paus te beskermjen. Hitler syn aferzje oangeande Pius XII en de Katolike Tsjerke stie nammers net op himsels. Al yn april 1941 hie von Ribbentrop (de Dútske minister fan Bûtenlânske Saken) der fia Galeazzo Ciano, de skoansoan fan Mussolini, op oantrune de paus út Rome te ferdriuwen, eat dat troch de Italjaanske lieder wegere waard, om't er it better achte om de paus yn Fatikaanstêd te isolearjen.

Oan SS-Obergruppenführer Karl Wolff waard de geheime taak opdroegen om de ûntfiering fan Pius XII ta te rieden. Wolff brocht lykwols ek de Dútske ambassadeur yn Itaalje, Rudolf Rahn, en Ernst von Weizsäcker, ambassadeur oan de Hillige Sit, op 'e hichte fan it foarnommen plan. Beide mienden dat fan sa'n ûntfiering ôfsjoen wurde moast.

Paus Pius XII sels hold ek rekken mei de mooglikheid dat er troch de nazi's arrestearre wurde soe. Yn dat gefal soe dat, neffens de winsk fan 'e paus, it dellizzen fan syn amt betsjutte. Dêrnei soe it Kolleezje fan Kardinalen yn in befreone lân in konklaaf belizze moatte om sa in nije paus te kiezen. Yn it Fatikaan wiene lykwols al plannen makke om de paus fia San Felice Circeo flechtsje te litten om dêrnei ûnderdak te sykjen yn Spanje, dêr't er de beskerming genietsje soe fan de Spaanske diktator Franco.

Yn 1941 antwurde it Fatikaan op de fraach fan it Vichy-rezjym: "of men koe ynstimme mei, ûnder Dútske druk plande, anty-Joadske wetjouwing": dat de Tsjerke "rasisme feroardielet, mar net yngean koe op spesifike wetjouwing". Yn Vichy-Frankryk libjende Joaden waarden hjirop út alle iepenbiere amten keard. Deportaasjes folgen lykwols yn 1942 en wiene gjin ûnderdiel fan dizze wetjouwing.

Yn syn krysttaspraak fan 1942 ferwiisde Pius XII yn bedutsen termen nei de deportaasje fan Joaden. Dit ta lilkens fan 'e Dútske diplomaten yn Rome en fan 'e Italiaanske faksisten. Hy feroardiele de ferfolging fan minsken "sûnder watfoar skuld dan ek, allinnich om reden fan nasjonaliteit of ras" troch de nazy's. Neffens Reinhard Heydrich (RSHA) wie de paus ta "sprekbuis fan de Joadske kriichssmisdiedigers" wurden. Dêr wêr't Pius XII, neffens syn kritisy, op dit punt fierder as paus swijde, waard der op it nivo fan it episkopaat wol deeglik protestearre en waard dêr troch in soad leauwigen ek nei hannele.

De Nederlânske biskoppen ferklearren nei 1945 útdruklik op oantrunen fan'e paus hannele te hawwen, dy't lykwols troch de Dútske hurde wraakaksjes tsjin de Nederlânske Katolike Tsjerke befreesd waard. Sa waarden alle Nederlânske Joaden dy't har ta it katolike leauwe bekeard hiene noch earder as de oare Joaden ôffierd nei Westerbork en fierder, as represaille foar it anti nazy herderlik skriuwen fan 26 july 1942 en it optreden fan benammen kardinaal De Jong.

De iennige mooglikheid dy't Pius XII restte wie om yn it iepenbier gjin al te wichtige útspraken te dwaan, efter de skermen diplomatike stappen te ûndernimmen en yn sawol yndividuele as kollektive gefallen besykje te helpen. Sa joech de paus fisa oan 3000 bekearde Joaden sadat se nei Brazilië emigrearje koene. 2000 dêrfan waarden letter lykwols wer ynlutsen doe't bliken die dat it om skynbekeringen gie.

Pius XII hat net yngrepen om de grouwélige dieden fan de Kroätyske fassistyske beweging Ustašabeweging op te hâlden, wylst dy grouwélige dieden ûnder oare begien waarden troch geastliken. It lei neffens usta-minister Mile Budak yn de bedoeling fan de ustasinen om in tredde part fan de Serviërs út te roeien, in tredde te deportearjen en in tredde te assimilearjen troch bekearing ta it roomsk-katolisisme. Mar ek Joaden, Sinti en Roma en oaren waarden útmoarde, faak nei martelingen yn'e Kroätyske konsintraasjekampen, dy't net ûnderdiene foar de Dútske.

De ynfloed fan de Roomsk-Katolike Tsjerke yn Sina wie troch de iuwen hinne tige beheind bleaun, oan'e iene kant troch de ôfkear fan de ûnderskate machthawwers yn Sina tsjin it nije leauwe, oan'e oare kant troch de ôfwizing fan de Tsjerke yn Rome fan guon tradysjes yn de Sineeske maatskippij relatearre oan it leauwen. Al yn de jierren 20 fan de 20e iuw hie it Fatikaan toenadering socht ta Sina, wêrby't biskop Celso Benigno Luigi Costantini oansteld waard as fertsjintwurdiger. Hjirmei makke it Fatikaan in ein oan it Frânske protektoraat oer missys yn Sina. Al gau nei syn oantreden yn 1939 feroare Pius XII syn hâlding neffens Sina drastysk.

Oan'e Kongregaasje foar de Evangelisaasje fan'e Folken waard de opdracht jûn om in dokumint út te feardigjen dêr't de Sineeske gebrûken net langer as byleauwich yn sjoen waarden, mar as in wêzentlik ûnderdiel fan'e Sineeske kultuer. It dokumint ferskynde op 8 desimber 1939. Yn 1943 besleat it regear yn Sina om diplomatike bannen oan te gean mei it Fatikaan, folge troch de beneaming fan in pauslike nuntius yn 1946, Antonio Riberi. Dy ûntjouwingen brochten de fersprieding fan it katolike leauwe yn Sina yn in streamfersnelling, dêr't Pius op besleat om mear struktuer te bringen yn de hiërargy fan de Tsjerke troch ûnder oare de oprjochting fan 20 aartsbisdommen. Boppedat waard de aartsbiskop Thomas Tien Ken-sin ta kardinaal kreëarre yn 1946, wêrby't er oerpleatst waard nei it aartsbisdom Peking. Hoewol't de misjes fan de Katolike Tsjerke in sterk ymperialistysk karakter droegen, droech de Tsjerke by oan it ferbetterjen fan sosjale foarsjennings (ûnderwiis en sûnenssoarch).

Mei it opkommen fan it kommunistyske regear fan Mao Zedong yn 1949 feroare de situaasje. De Katolike Tsjerke waard troch de kommunisten sjoen as in ynstrumint fan it westerske kapitalisme en geastliken waarden nei heropfiedingskampen stjoerd om dêr de lear fan Karl Marx, Lenin en Mao te learen. Op grutte skaal fûnen der ek ferfolgingen plak fan geastliken en leauwigen.

Al yn'e ensyklyk "Evangelii Praekones" fan 2 juny 1951 hie Pius XII de ferfolging ûnder de oandacht brocht: "... en yn ús tiid binne der lannen yn it Fiere Easten dy't read kleurje mei it bloed fan martelders." Mei de apostolyske brief "Cupimus Imprimis" fan 18 jannewaris 1952 reagearre Pius op 'e nij op dizze oanfallen, folge troch de ensyklyk "Ad Sinarum Gentum" op 7 oktober 1954. Yn lêstneamde naam Pius XII stelling tsjin de maoïstyske stellingen oangeande de Katolike Tsjerke. Sa fersmiet Pius it idee fan Sina om te stribjen nei in folslein autonome tsjerke los fan'e memmetsjerke yn Rome dy't ek in eigen ynterpretaasje fan it Evangeelje foarstie. Minsken waarden oproppen wjerstân te bieden oan bedragers en dêrby in eventuele konfrontaasje net te mijen.

De oprjochting fan in nasjonale, Sineeske tsjerke yn 1957 late derta dat Pius op'e nij in ensyklyk útbrocht: Ad Apostolorum Principis (29 juny 1958). Hjiryn naam er stelling tsjin de nasjonale tsjerke en de beneamingen fan de prelaten dy't ta stân kaam wiene sûnder tastimming fan it Vatikaan.

Yn 1953 slút Pius XII in konkordaat mei de fassistyske diktator Francisco Franco dat it nasjonaalkatolikisme ta steatsgodstsjinst ferheft. De Katolike Tsjerke krijt wichtige privileezjes en it boargerlik houlik en de echtskieding wurde ôfskaft. Fan syn kant krijt de diktator meisizzenskip by de beneaming fan de biskoppen. Oare konfesjes en oertsjûgingen wurde út it iepenbiere libben ferballe.

Sykte en ferstjerren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pius XII hie al sûnt syn berte in swakke sûnens. Oan de ein fan 1953 waard er lykwols slim siik. Hy hie gastritis en in groanyske hik. Trochdat syn sûnens net ferbettere, tocht Pius XII yn 1954 der oan om ôf te treden. Yn'e rin fan 1958 kamen de ferskynsels fan 'e groanyske hik yn alle fûleinigens werom. By syn ferbliuw yn Castel Gandolfo waard dúdlik dat genêzing diskear net mear mooglik wie. Op 9 oktober 1958, om 3 oere yn de nacht, ferstoar paus Pius XII nei in pontifikaat fan 19 jier en 221 dagen.

Fyzje op it pontifikaat fan Pius XII

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De beoardieling fan it pausskip fan paus Pius XII spitst him benammen ta op de rol dy't de paus, it Fatikaan en de klerus spilen yn de Twadde Wrâldkriich. Sintrale fraach dy't dêrby steld wurdt is wêrom't Pius XII yn de naziperioade syn stim net ferberge tsjin de misdieden yn it bysûnder dy't tsjin de Joaden. Kritisy van Pius XII ferwite him de stilte, wylst histoarisy tal fan bewizen oanfiere dy't oantoane dat de paus yn de perioade 1939 -1945 (mar ek dêrfoar) net swijde. Oare kritykpunten binne it ôfsluten fan it konkordaat fan Rome yn 1933 en de help fan it Vaticaan by de ûntsnapping fan nazykopstikken nei ûnder mear Súd-Amearika fia de saneamde rotteline.

Ferearing en mooglike sillichferklearring

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under it pontifikaat fan paus Paulus VI waard syn kanonisaasjeproses (= proses ta hillichferklearring) ynset. Op 9 oktober 2008, de fyftichste stjerdei fan Pius XII, gie paus Benediktus XVI foar yn in eucharistyfiering ta neitins oan Pacelli. Op 30 oktober 2008 makke paus Benediktus XVI, yn in petear mei rabbyn David Rosen, foarsitter fan it Ynternasjonaal Joadsk Komitee foar Ynterreligieuze Konsultaasje, bekend dat de hillichferklearring fan Pius XII noch op syn minst op him wachtsje litte soe oant de argiven fan syn pontifikaat iepenbier makke binne. In wurdfierder fan it Vatikaan ferklearre dêrop dat dat noch wol sân jier duorje soe, omdat it argyf, dat bestiet út sa'n 16 miljoen dokuminten, pas dan ûntsletten wêze sil.

Op 19 desimber 2009 ferklearre paus Benediktus XVI paus Pius XII (tegearre mei ûnder oaren paus Johannes Paulus II) "earbiedwaardig", in oantsjutting foar in op hannen wêzige sillichferklearring. Benediktus XVI priizge Pius XII om de 'manmoedige' deugden dy't de paus yn syn libben tentoanspraat hawwe soe en dy't as foarbyld fan de kristenen tsjinje kinne soene. Fuort nei it bekendmeitsjen fan dit foarnimmen barste benammen út Joadske kant wei in soad krityk los oer dit optreden fan Benediktus XVI, temeer omdat de argiven dêr't Pius XII út spile hawwe soe yn de perioade 1940-1945 troch it Fatikaan foar wittenskippers noch net iepen steld binne. Ek it momint fan bekendmakking makke yrritaasje bekend, omdat Benediktus XVI fan doel wie om op 17 jannewaris 2010 in besite te bringen oan de synagoge te Rome.

Begjin maart 2019 makke paus Fransiskus bekend dat de kriichssargiven fan it Fatikaan op 2 maart 2020 iepengean soene foar histoarisy. 2 maart is de bertedei fan Pius XII en ek de dei fan syn ferkiezing ta paus yn 1939.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL
  • Wikipedy:DE
Pausen yn 'e 20ste iuw

Pius X · Benediktus XV · Pius XI · Pius XII · Jehannes XXIII · Paulus VI · Jehannes Paulus I · Jehannes Paulus II


· · Berjocht bewurkje