Springe nei ynhâld

Readbrildo

Ut Wikipedy
Readbrildo
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dofûgels of dowen (Columbidae)
skaai kwarteldowen (Geophaps)
soarte
Geophaps smithii
(Jardine & Selby, 1830)
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De readbrildo (Geophaps smithii) is in fûgelsoarte út de famylje fan 'e dowen. De do is in endemyske soarte yn Austraalje.

De readbrildo wurdt likernôch 25 oant 28 sintimeter lang. De fûgel hat in brún oant readbrún fearrekleed mei in subtile tekening op 'e rêch en wjukken. Tige opfallend is on read en neaken gebiet om 'e eagen.

De readbrildo komt allinnich yn Noard-Austraalje foar, benammen yn it gebiet fan it Top End fan Northern Territory, lykas Arnhem Land, Kakadu National Park, Litchfield en de Tiwi-eilannen.

Readbrildowen wurde yn twa ûndersoarten ferdield.

  • Geophaps smithii smithii: De nominaatfoarm mei in dúdlik read gebiet om it each wurdt yn it grutste part fan it noardlik sintrum fan it Australyske fêstelân oantroffen, fral yn Kakadu National Park, Arnhem Land en de omkriten fan Darwin.
  • Geophaps smithii blaauwi: Mitchell Plateau en de omjouwing fan Kalumburu; hat donkerder fearren en in minder opfallende kleur fan it neakene gebiet om it each.

It geskikte leefgebiet is in wikseljende begroeiïng fan gers en bosk, dat geregeld troch brân fernijd wurdt.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De do libbet op 'e grûn, dêr't er nei sied siket. Se kinne fleane en de flecht is lykas in soad grûnfûgels faak fladderjend mei in rappe opgong en dêrnei in gliidzjende lanning. Faak fleant er allinnich as er skrikt of predaasje driget. In lechsel bestiet meast út twa aaien.

Fan 'e westlike populaasje is de fûgel út it grutste part fan it oarspronklike ferspriedingsgebiet ferdwûn of tige seldsum. De eastlike populaasje hat rûchwei de helte fan syn ferspriedingsgebiet ferlern.

Oarsaken fan 'e tebekgong binne de feroaringen yn natuerlike brânpatroanen, dy't te faak of krekt oarsom, te min plakfine. Dêrnjonken hat de grûndo ek in soad lêst fan katten, dy't fûgels pakke of nêsten opfrette. In rûge rûzing út 2020 hâld de populaasje op 81.800 oant 145.400 folwoeksen fûgels. De grutste oantallen dêrfan fertsjintwurdigje de Geophaps smithii smithii, wylst de populaasje fan 'e Geophaps smithii blaauwi folle lytser is.

Troch ferlies oan geskikt leefgebiet rinne de oantallen de lêste tiid licht tebek. Yn guon gebieten (lykas Kakadu) hat der in sterke efterútgong west. Op 'e Tiwi-eilannen wit de soarte him goed te hanthavenjen. De fûgel wurdt troch de IUCN op 'e Reade list klassifisearre as net bedrige (LC).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: