Springe nei ynhâld

Untbosking

Ut Wikipedy
Untbosking fan it Amazônegebiet yn 2016 yn 'e Brazyljaanske steat Maranhão.

Untbosking is it kapjen of ferneatigjen fan in bosk of wâld, wêrnei't it frijkommen lân yn gebrûk nommen wurdt foar oare doelen, lykas lânbou, mynbou, yndustry of urbanisaasje. Anno 2016 waard likernôch 31% fan it oerflak fan 'e Ierde oerdutsen troch wâlden. Dat wie in trêdepart minder as foarôfgeande oan 'e útwreiding fan 'e lânbou yn 'e moderne tiid. Mear as de helte fan dat ferlies fûn plak yn 'e hûndert jier tusken 1916 en 2016. Sûnt 1990 is der wrâldwiid likernôch 420 miljoen hektare wâldlân ferlern gien. It tempo fan ûntbosking nimt al ôf, mei't der yn 'e 1990-er jierren noch 16 miljoen hektare jiers ferlern gie, wat delkomt op in gebiet ter grutte fan Bangladesj, wylst dat oan 'e ein fan 'e 2010-er jierren belune wie ta likernôch 10 miljoen hektare jiers. Mar yn trochsneed wurde elts minút noch altyd 2.400 beammen omkappe dy't net ferfongen wurde troch nije oanplant. Yn 2019 fûn hast in trêdepart fan alle ûnbosking, sa'n 3,8 miljoen hektare, plak yn 'e tropyske oerwâlden, wêrby't it foar it meastepart gie om tropyske reinwâlden. Dat binne no krekt de wâldgebieten dy't it wichtichste binne op it mêd fan bioferskaat en koalstofdiokside-opslach.

Fierwei de wichtichste oarsaak fan ûntbosking is útwreiding fan it lânbou-areaal. Yn 2018 waard dêr mear as 80% fan 'e wrâldwide ûntbosking oan taskreaun. De âlde wâldgrûn wurdt dêrnei benammen brûkt foar de oanlis fan plantaazjes foar kofje, palmoalje, rubber en ferskate oare produkten dêr't in protte fraach nei is. Oare wichtige ekonomyske sektoaren dy't ûntbosking oanfiterje, binne it frijmeitsjen fan grûn foar beweiding troch fee, houtkap foar de hout- en papieryndustry, it opdollen fan grûnstoffen en de útwreiding fan stêden. Fierders soarget de oangeande klimaatferoaring ek foar in oanboazjend gefaar foar boskbrannen. Ek dat kin ta ûntbosking liede as it platbaarnde gebiet neitiid foar oare doelen yn gebrûk nommen wurdt ynstee dat men it wâld weromgroeie lit.

Untbosking liedt ta habitatferlies en habitatfragmintearring, wat op syn beurt wer liede kin ta ferlies fan bioferskaat. Dat kin it ferdwinen fan beskate soarten floara en fauna út in gebiet ta gefolch hawwe, mar ek it útstjerren fan bisten en planten. Oare gefolgen kinne feroarings yn it pleatslike klimaat, boaiemeroazje en ferwoastining wêze. Ek liedt ûntbosking wol ta de ferdriuwing fan lytse lânseigen folken dy't yn it wâld libje en de skansearring of ferneatiging fan harren faak al iuwenâlde kultueren. Noch wer in oar probleem is dat ûntbosking it opnimmen (troch beammen) fan koalstofdiokside út 'e atmosfear ferminderet. Mei't koalstofdiokside ien fan 'e wichtichste broeikasgassen is dy't de opwaarming fan 'e Ierde en dêrmei de klimaatferoaring oandriuwe, is de koalstofdiokside-opslach troch wâlden foar de hiele wrâld fan grut belang.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.