Springe nei ynhâld

Halderberge

Ut Wikipedy
Halderberge
Lân Nederlân
Provinsje Noard-Brabân
Haadplak Oudenbosch
Oerflak 75,21 km²[1]
  •  dêrfan lân 74.44 km²
  •  dêrfan wetter 0,77 km²
Ynwennertal 31.164 (1 jannewaris 2024)
Befolkingstichtens 780 ynw./km²
Ferkearsier(en)
Netnûmer(s) 0165
Postkoade(s) 4730-4754
https://www.halderberge.nl/

Halderberge is in gemeente yn Noard-Brabân. De gemeente hat 31.164 (1 jannewaris 2024) ynwenners en in oerflak fan 75,21 km².

De gemeente ûntstie op 1 jannewaris 1997 út de fúzje fan 'e gemeenten Hoeven, Oudenbosch en Oud en Nieuw Gastel. Dat wie it gefolch fan 'e gemeentlike weryndielingen yn 'e provinsje Noard-Brabân.

De gemeente bestiet út de plakken:

Bosschenhoofd, Hoeven, Oud Gastel, Oudenbosch (gemeentehûs) en Stampersgat.

Sûnt 1275 ôf slagge it de Sistersjinzerskse Sint-Bernardusabdij fan Hemiksem om rjochten en guod te krijen yn it gebiet fan Gastel, Hoeven en Oudenbosch. De skinking yn desimber fan dat jier troch Arnout van Leuven, hear fan Breda, markearret it begjin fan ynfloed fan 'e abdij yn 'e krite. Sûnt dat stuit sette ek it oanmeitsjen fan lân troch muontsen yn it gebiet útein.

Yn in akte fan 6 desimber 1298, wêryn't de hear fan Breda it besit en it bestjoerlik en rjochtsprekkend foech fan 'e abt fêstlei, wurdt regelmjittich skreaun oer it lângoed Halderberge. Dêrmei waard in gebiet begrepen dat rûchwei de eardere gemeenten Hoeven en Oudenbosch, en in diel fan Oud en Nieuw Gastel omfieme.

De doarpen ûntwikkelen har tusken de 12e en 16e iuw. Op wichtige plakken setten turfstekkers, skippers en boeren harren nei wenjen en op dy plakken ûnstiene de doarpen. Healwei de 16e iuw kaam der in ein oan it turfstekken. In soad arbeiders bleaune yn it gebiet wenjen en sochten om oar wurk. Troch it útbrekken fan 'e Tachtichjierrige Kriich feroare der in soad yn it gebiet. Unheil en epidemyën makken dat it gebiet ûntfolke, mar nei 1648 sette wer in tiid fan werbou útein. Sûnt dy tiid binne de doarpen ûntstien sa't wy dy hjoed-de-dei kenne. Elts doarp hat syn eigen karakter en skiednis.

De oarsprong fan it toponym Halderberge is net dúdlik. In earste fariant ferklearret Halderberg út Halreberg, wêrneffens de stam Halre fan Harle ôflaat is. De gearstalling fan har of haar en le of lo stiet dan foar in sânige heuvelrêch en bosk op hege sângrûn. De twadde fariant siket de betsjutting fan Halreberg yn it Germaansk, spesifyk yn halan berga, dêr't halu foar hellend stiet en berga foar berch. Sawol it byld fan in beboske, sânige heuvelrêch as dat fan in gloaiende berch passe yn it 13e iuwske lânskip.

It oannimmen fan Halderberge as namme fan 'e gemeente is in teken fan wurdearring foar de muontsen fan 'e abdij fan Sint-Bernardus, dy't yn it lêste fearn fan 'e 13e iuw de basis leinen foar de lettere ûntwikkeling fan 'e doarpsmienskippen Gastel, Hoeven en Oudenbosch. Stampersgat en Bosschenhoofd binne fan lettere datum.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Basilyk fan Oudenbosch.
  • It ferneamdste monumint fan 'e gemeente is sûnder mis de basilyk fan Oudenbosch, in lytsere replika fan 'e Sint-Piter yn Rome. De tsjerke is in monumint fan 'e arsjitekt Pierre Cuypers.
  • It Kollegium St. Louis (Oudenbosch), in grutskalich kompleks yn Frânske styl, is in earder roomsk jongesynternaat. It gebou hat in grutte bestjutting hân foar it ûnderwiis en de missy yn 'e 19e en 20e iuw en wie ien fan 'e grutste ynternaten fan it lân.
  • Mariëngaarde wie earder in abdij yn Hoeven en stifte troch Norbertinessen.
  • It kastieltsje fan Oudenbosch is in lyts aadlik hûs.
  • It Mark-Vlietkanaal en de sluzen by Stampersgat foarmje in technysk monumint fan wetterbehearsking. Se ha in grutte rol spile by de ûntwikkeling fan 'e regio.
  • It Wite tsjerkje fan Oud Gastel is in ienfâldich 17e-iuwsk tsjerkje
  • It Vliegend Museum Seppe yn Bosschenhoofd besit âlde fleantugen en erfgoed út de loftfeartskiednis. It stiet by it Breda International Airport.
  • Yn it âlde riedshûs fan Oudenbosch is it soeavemuseum ûnderbrocht.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Gemeenten yn Noard-Brabân
Flagge fan de provinsje Noard-Brabân
Flagge fan de provinsje Noard-Brabân
Alphen-Chaam - Altena - Asten - Baarle-Nassau - Bergeijk - Bergen op Soom - Bernheze - Best - Bladel - Boekel - De Bosk (haadstêd) - Boxtel - Breda - Cranendonck - Deurne - Dongen - Drimmelen - Eersel - Eindhoven - Etten-Leur - Geertruidenberg - Geldrop-Mierlo - Gemert-Bakel - Gilze en Rijen - Goirle - Halderberge - Heeze-Leende - Helmond - Heusden - Hilvarenbeek - Laarbeek - Lân fan Cuijk - Loon op Zand - Maashorst - Meierijstêd - Moerdijk - Nuenen, Gerwen en Nederwetten - Oirschot - Oisterwijk - Oosterhout - Oss - Reusel-De Mierden - Roosendaal - Rucphen - Sint-Michielsgestel - Someren - Son en Breugel - Stienbergen - Tilburch - Valkenswaard - Veldhoven - Vught - Waalre - Waalwijk - Woensdrecht - Zundert
· · Berjocht bewurkje