Best
Best | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
![]() | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
![]() | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
Best is in plak en gemeente yn 'e provinsje Noard-Brabân. It plak leit yn 'e krite de Kempen. Eartiids hearde Best by de gemeente Oirschot, mar yn 1819 waard Best in aparte gemeente.
It plak leit op it krúspunt fan 'e sneldiken Eindhoven-Tilburch (A58), Eindhoven-Arnhim (A50) en Eindhoven-De Bosk (A2). De gemeente hat 31.291 (1 jannewaris 2024) ynwenners op in oerflak fan 35,35 km². De gemeente makket diel út fan 'e Metropoalregio Eindhoven (MRE).
Eartiids waarden yn it gebiet in soad klompen makke, wat noch jimmeroan te sjen is oan it grutte oantal [[[popelbeam]]men yn it lânskip. Der is ek in ferwizing yn 'e karnavalsnamme fan Best: Klompengat. De skuonfabryk fan Bata en letter Philips Healthcare makken dat it doarp tige sterk groeide.
Plakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e gemeente lizze njonken Best noch twa buorskippen: Aarle en De Vleut.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste bewenning op it gebiet fan Best datearret fan 1700 f.Kr. Soks hat bliken dien út opgravings op 'e Aarlese Heide súdlik fan it Wilhelminakanaal. Oare fynsten datearje fan 'e Keltyske kultuer, lykas urnen út it La Tène-tiidrek fan 500 f.Kr. By ien fan 'e grêfheuvels waard in foarm fûn, dy't bot tinken docht oan 'e bou fan Keltyske timpeltsjes. Yn in oare grêfheuvel waarden foarmen en tradysjes út 'e âldere brûnstiid fan 1700 - 800 f.Kr. ûntdutsen.
Best hearde ynearsten by de gemeente Oirschot en bestie út de doarpen Naastenbest en Verrenbest. Dernjonken wiene der de buorskippen Aarle en De Vleut, dy't oant hjoed-de-dei noch jimmeroan in plattelânskarakter hawwe.
Yn it earstoan wie der in houten kapel, nei alle gedachten op it plak dêr't Sint-Odulfus berne waard. In dokumint út 1378 neamt dy kapel foar it earst. Missen fûnen lykwols noch altyd plak yn Oirschot. De kapel koe yn 1437 ferfongen wurde troch in stiennen gebou. It kapittel yn Oirschot beneamde in rektor foar dy kapel, mar allinne winterdeis wiene dêr missen tastien. Troch in ferfanger oan te stellen dy't simmerdeis missen opdroech wisten se yn Best dat gebod te omsilen.
Dat de kapel him net oan it gebod hold betsjutte in driigjend ynkomstenferlies fan it kapittel en spul mei it kapittel late lang om let ta in ynfal yn 'e kapel by in fiering fan 'e misse yn 1497, wêrby't jild en oar guod meinommen waard. In tsjerklike rjochtbank feroardiele de dekaan fan Oirschot foar dy aksje.
Yn 1553 waard Best in selstannige parochy, sadat de kapel in tsjerke waard. Yn 1628 waard de houten Sint-Annakapel yn Aarle ferfongen troch in stiennen gebou. Nei 1648 waarden de tsjerke en de kapel lykwols troch de protestanten yn beslach nommen. Sûnt 1672 koene de katoliken in skuorretsjerke brûke, mar op 31 desimber 1794 krigen de katoliken harren oarspronklike tsjerke werom.

Yn 1864 kamen de Susters fan Leafde nei Best en yn 1882 waard de nije Sint-Odulfustsjerke ynwijd, wêrfan de bou yn 1880 útein sette. Earst woene se de toer fan 'e âlde tsjerke hâlde, mar dy wie yn ferhâlding te lyts. Yn 1884 waard de nije toer boud, mar dêrmei ferdwûn de oarspronklike histoaryske tsjerke.
De Sint-Odulfustsjerke rekke by in Dútsk bombardemint op 17 oktober 1944 skansearre. De befrijing fan Best troch de 15te Skotske Divyzje fûn plak op 24 oktober 1944. Yn 1960 waard de tsjerketoer restaurearre en dêrnei fûnen in oantal restauraasjeprojekten fan 'e tsjerke plak.
Patroanhillige
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sint Odulfus is de beskermhillige fan Best en spilet in grutte rol yn 'e folklore en tradysjes. De earste dokuminten oer de ferearing fan Odulphus yn Best datearje fan 1421. It ierste jier dat ferbûn wurde kin mei de ferearing fan Odulphus is 1150. De hillige stiet ek op it geweentewapen fan Best. In lokaal skuttersgilde is ek nei de hillige ferneamd.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Sint-Odulftsjerke is in neogoatyske tsjerke út 1880-1886. Op dat plak soe Sint-Odulfus berne wêze. De Odulfushôf efter de tsjerke is in botanyske tún, dy't yn 1980 iepene waard. Yn 'e tún is in grutte kolleksje fan lânseigen wylde planten.
- De Sint-Antoniustsjerke is in grutte tsjerke út 1949-1950.
- De parochykapel Sint-Odulfus is de eardere kapel fan 'e kostskoalle oan 'e Nazarethstrjitte út 1886, dy't hearde ta it kleaster fan 'e Susters fan 'e Choorstraat.
- De Koetshuistuin is in park út 1988 mei it monumint foar de 15e Skotske Divisy, dy't Best op 24 oktober 1944 befrijde. De tún mei it koetshûs waard yn 1986 troch de gemeente Best oankoccht, wêrnei't it koetshûs ôfbrutsen waard. Betingst by de ferkeap wie dat de tún bliuwe moast.
- De oarsprong fan 'e Sint-Annakapel yn Aarle giet werom op in leginde neffens hokker in grevinne by har swierwêzen komplikaasjes krige. De greve ûnthiet in kapel te bouwen foar Sint-Anna, beskermfrou fan 'e oansteande memmen, as it libben fan mem en bern rêden waard. Sa barde it. Letter kamen minsken dêr om te bidden om sparre te wurden foar dysentery en de pest, foar it lêst yn 1557 en 1587. De orizjinele houten kapel waard yn 1628 ferfongen troch in stiennen kapel. Nei't er nei 1648 yn ferfal rekke wie, waard er yn 1837 werboud. De kapel hat brânskildere ramen fan Cor Donkers en in 18e-iuwsk byld fan Anne Trijeresom.
- In oare kapel is de Maria Assumpta kapel yn 'e Vleut, dy't yn 1950 boud waard yn it ramt fan 'e ferheffing fan Marije-Himelfeart ta dogma fan 'e Tsjerke troch paus Pius XII.
- De Bata-fabriken yn 'e wyk Batadoarp binne yndustriële monuminten. De wyk Batadoarp waard yn 1934 foar de fan oarsprong Tsjechoslowaakske skuonfabryk Bata boud op 'e grûn, dy't it bedriuw fan 'e gemeente Best kocht hie. Fierder is der in skoarstien fan it eardere klompefabryk, ea de grutste fan Nederlân. Yn in pear wentes wie ek in klompmakkerskoalle ûnderbrocht. Ek is dêr it gebou fan in trikotaazjefabryk.
- De wynmûne "De Volharding" is in rûne stiennen mûne, dy't yn 2010 wer mealree makke is.
- Bestzoo is in lytsskalige bistetún mei in boarterstún yn 'e Vleut.
- It Joe Mann Natuerteäter is in iepenloftteäter dat ferneamd is nei Joe Mann, in Amerikaanske parasjutist fan 'e 101st Airborne Division, dy't op 17 septimber 1944 syn libben joech om dy fan syn fjouwer kameraden te rêden. De wite betonnen yngongspoarte is in wurk fan Jules Verschuuren.
- Oan 'e Boslaan stiet in monumint foar Joe Mann: út 1984.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It museum Bevrijdende Vleugels toant in grut oantal militêre auto's en soksoarte saken op in terrein fan 16 hektare, dy't benammen te meitsjen ha mei de befrijing troch de 101st Airborne Division en oare aspekten fan 'e Twadde Wrâldoarloch. It leit yn 'e bosken oan 'e haadwei fan Best nei Son. Yn dat gebiet fierde de Airborne Division lânings út as ûnderdiel fan Operaasje Market Garden yn 1944.
- Yn it bernemuseum Spelebos meitsje bern kennis mei it boartsjen yn it ferline op in eigentiidske wize. Ferspraat oer it museum binne diorama's mei spesjale poppen en bearen, tinnen soldaatsjes en âld-Hollânske spultsjes meitsje ek diel út fan 'e kolleksje. Ek modelspoarwegen ûntbrekke ek net. It museum stiet op it terrein fan it Liberating Wings museum.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Gemeenten yn Noard-Brabân | ![]() |
---|---|
Alphen-Chaam - Altena - Asten - Baarle-Nassau - Bergeijk - Bergen op Soom - Bernheze - Best - Bladel - Boekel - De Bosk (haadstêd) - Boxtel - Breda - Cranendonck - Deurne - Dongen - Drimmelen - Eersel - Eindhoven - Etten-Leur - Geertruidenberg - Geldrop-Mierlo - Gemert-Bakel - Gilze en Rijen - Goirle - Halderberge - Heeze-Leende - Helmond - Heusden - Hilvarenbeek - Laarbeek - Lân fan Cuijk - Loon op Zand - Maashorst - Meierijstêd - Moerdijk - Nuenen, Gerwen en Nederwetten - Oirschot - Oisterwijk - Oosterhout - Oss - Reusel-De Mierden - Roosendaal - Rucphen - Sint-Michielsgestel - Someren - Son en Breugel - Stienbergen - Tilburch - Valkenswaard - Veldhoven - Vught - Waalre - Waalwijk - Woensdrecht - Zundert | |
![]() ![]() ![]() |