Springe nei ynhâld

Karakals

Ut Wikipedy
karakals
In karakal (Caracal caracal).
In karakal (Caracal caracal).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: rôfdieren (Carnivora)
ûnderskift: katdieren (Feliformia)
famylje: kateftigen (Felidae)
ûnderfamylje: lytse katten (Felinae)
skaai: karakals (Caracal)
Gray, 1843

De karakals of karakallen (wittenskiplike namme: Caracal) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae) en de ûnderfamylje fan 'e lytse katten (Felinae). Ta dit skaai hearre twa soarten, wêrfan't de bekendste de karakal (Caracal caracal) is, ek wol oantsjut as de Afrikaanske lynks.

It skaai fan 'e karakals waard yn 1843 yntrodusearre troch de Ingelske soölooch John Edward Gray. Hy beskreau it skaai op basis fan in pels út 'e kolleksje fan it Britsk Museum te Londen, dy't ôfkomstich wie fan Kaap de Goede Hoop yn wat letter Súd-Afrika wurde soe. Histoarysk waard it skaai fan 'e karakals mear as oardel iuw lang beskôge as in monotypysk skaai, dat inkeld de typesoarte omfette: de karakal (Caracal caracal).

In ûndersyk fan W.E. Johnson et al. út 2006 wiisde lykwols út dat de karakal nau besibbe is oan 'e Afrikaanske goudkat (Caracal aurata) en de serval (Leptailurus serval). Dy trije soarten foarmje in genetysk komôf dat him 7,9–4,1 miljoen jier lyn ôfspjalte fan 'e lêste mienskiplike foarâlder fan alle kateftigen. Op basis fan dy útkomsten waard de Afrikaanske goudkat, dy't oant doe ta it monotypyske skaai fan 'e Afrikaanske goudkatten (Profelis) foarme, yn 2017 oerpleatst nei it skaai fan 'e karakals. De wat minder nau besibbe serval waard wol yn syn eigen monotypyske skaai beholden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.