Typesoarte

In typesoarte is yn 'e soölogyske nomenklatuer in soarte dêr't in skaai of ûnderskaai permanint taksonomysk mei ferbûn is om't it biologyske typespesimen ta dy soarte heart. It typespesimen foarmet de wittenskiplike basis foar it ûnderskie fan it skaai mei nau besibbe oare skaaien. As in soarte dus tefolle ôfwykt fan 'e typesoarte, is dat in yndikaasje dat er foar 't neist by in oar skaai ûnderbrocht wurde moat. Foar taksons dy't boppe de triem fan skaai lizze, wurdt in soartgelikens systeem brûkt mei yn it plak fan 'e typesoarte in typeskaai.
Yn 'e botanyske nomenklatuer binne de termen 'typesoarte' en 'typeskaai' formeel net jildich, mar wurde se soms oan 'e soölogyske nomenklatuer ûntliend en op ynformele basis brûkt. Yn 'e botany is it type fan in skaai winliken net in soarte, mar in spesimen (it holotype) of, yn seldsume gefallen, in yllustraasje fan in spesimen. Yn 'e bakteriology wurdt foar elts skaai wol in typesoarte oanwiisd.
Yn teory is elts skaai en ûnderskaai yn 'e soölogy ferbûn mei in eigen typesoarte. Dat jildt ek foar skaaien en ûnderskaaien dy't op dit stuit net mear as jildich erkend wurde. Der bestiet lykwols in noch net fuortwurke efterstân fan skaaien en ûnderskaaien út âldere publikaasjes, dy't gjin typesoarte hawwe om't it doedestiden noch net fereaske wie om by it yntrodusearjen fan in nij skaai of ûnderskaai daliks (of überhaupt mar) in typesoarte oan te wizen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |